19

Mar dat foel noch net ta, want hja hiene gjin idee wat de namme fan it priiswinnende doarpke wie en fan boppe út de loft wei sjocht alles der fansels hiel oars út as fan ôf de grûn. Mei allinnich in pear loftfoto’s yn de hân en de wittenskip dat it yn ’e buert fan de A7 wêze moast gongen sy opsyk nei it doarpke fan harren dreamen. Mar wêr’t sy de foto’s ek sjen lieten, nimmen koe harren de namme fan it skildereftige doarpke sizze, lit stean it paad wize nei dat moaie plakje. Pas oan de ein fan de dei hiene hja sukses en troffen sy immen dy’t harren nei Lytsewierrum tastjoerde. It reklameburo hat dêrnei earst besocht om meiwurking te krijen fan de famylje Jaarsma dy’t doetiids buorken yn Lytsewierrum op de pleats dêr’t no Jan en Regina wenje. Mar de Jaarsma’s seagen dat net sa sitten en betankje foar de eare. Doe foel harren each op de pastorijwenning fan Peter en Teresa. Dêr hiene sy mear gelok en slagge it om folchôfspraken te meitsjen fan it nimmen fan nije loftfoto’s. Heineken brocht in auto fol mei parasols, tafels en stuollen, mar gjin bier... en Peter en Teresa krigen it fersyk op by it meitsjen fan de nije foto’s mei wat freonen op en om it terras te sitten. Op de ôfsprutsen sneon kaam der in fleantúch fanôf Lelystêd Airport om nije loftfoto’s te meitsjen. Peter en Teresa sieten mei freonen op harren nije Heineken terras te genietsjen fan in kâld fleske Amtel bier, want dat smakket de nije kroechbaas fan Lytsewierrum no ienris in stik better as dat fan Heineken. Mar de foto’s waarden ôfkard. Heineken fûn sy wat te tsjuster. In wike letter, mar dan in oere earder, waard der opnij besocht om goeie foto’s te meitsjen. Peter en Teresa sieten wer op it terras mei harren freonen en it Amstel bier smakke opnij bêst. Mar omdat yntusken de wintertiid yngien wie, wiene de foto’s krektlike tsjuster as dy fan de wike derfoar. Wer in wike letter sieten Peter en Teresa foar de tredde kear klear op harren terras en doe wienen de foto’s nei‘t it sin. Dat wol sizze, it ljocht wie doe goed genôch, mar wat de rest oanbelange wie it sa soarchfâldich útsochte doarpke skynber noch fier fan perfekt! Mar de reklamemannen hienen gelokkich oeral in oplossing foar en lieten dêrnei efkes sjen dat sy ek doe al aardich handich wiene mei kompjûters en it bewurkjen fan foto’s! De fraaie pastorijwenning fan Peter en Teresa waard as earste ûnder hannen naam en sûnder dat der in spiker oan te pas kaam, definityf omboud ta kafee. It grutte ‘Heineken boerd’ dat op de foto te sjen is, hat nammentlik nea echt by harren oan de muorre hongen. Mar as jo dochs dwaande binne de brot wat 'op te leukjen' dan kinne jo it likegoed noch wol wat ekstra gesellig meitsje dochs? Heineken tocht der skynber al sa oer en sy namen it beslút it dochs al prachtige doarpke noch wat fierder ûnder hannen te nimmen. As earste waarden al dy ûngesellige grêfstiennen fuortwurke en ek de dong- en kúlbulten fan boer Jaarsma waarden resolút fan de plaat fage. Oan de 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication