21

boppekant fan de foto foldie it binnenpaadsje nei Rien ta skynber ek net oan it ideale plaatsje fan de biermagnaat. Mar ek doe’t dat opromme wie, wie it blykber noch hieltyd net hielendal nei’t sin. De hûzen mei in swart of donker dak krigen fan Heineken nije reade dakpannen en rûnom Lytsewierrum waard manmachtich fee it lân ynstjoerd. Mar it hichtepunt fan de ‘Heineken ferbouwing’ is dochs wol it ferpleatsen en draaien fan in folslein hûs. Want sa’n smûk kafee moat fansels wol yn de midden fan it doarpke stean. It hûs fan Anna Meinardi waard sûnder tastimming nei de tún fan Peter en Teresa ferpleatst. En doe pas wie ek yn de eagen fan mynhear Heineken Lytsewierrum folslein perfekt. Sa sjogge jo mar, neat is wat it liket. Ek yn 1988, sûnder AI wie dat al sa. Hjirûnder sjogge jo ek de troch Heineken bewurke foto. Wa wit slagje jo der wol yn om noch mear spoaren fan harren ferbouwing te finen. Peter en Teresa krigen foar harren meiwurking u.o in orizjinele loftfoto fan in meter yn ’t rûn dy’t sy dêrnei oan de tsjerke skonken. Dêr kinne jo it perfekte doarpke dus it bêst fan boppe ôf besjen. Tsjintwurdich berikke ús geroften dat der inkeldris wol in drankje dien wurdt yn Lytsewierrum? Sjoch mar ris fierderop yn dizze edysje fan it Diggeloer. Soe der miskien Heineken bier skonken wurde? As dat sa is, dan hie de bierbrouwer miskien dochs in foarútsjende blik. Sa net, dan hawwe sy yn Lytsewierrum miskien hjir en dêr noch wol in parasoltsje lizzen en fan Heineken noch wol in pear griene kratsjes te goede. Boarne: https://www.lytsewierrum.nl - De Ljouwerter krante en Peter Plantinga 21

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication