K.f. Itens e.o.: Fan de jeugdkommissje Troch Jan Gerben Strikwerda De jeugd is ûndertusken alwer in moai skoftke los mei keatsen. Op 9 april is de jeugd ûnder lieding van Simon Minnesma begûn mei de training . Mei in moaie opkomst fan 26 jeugdleden wurdt der elke woansdei fanatyk traint. It resultaat is dat der al hiel wat jeugd by de federaasje keatst en sels mei KNKB wedstriden meidocht. En der wurde ek al moai wat prizen bij inoar slein. Op 18 maaie stie der foar de jeugd it teatsen op it programma. Mei in 100% opkomst is der prachtich teatst. Bij de famkes wie de 1e priis foar Esmeé en de 2e priis wie foar Rixt . By de jonges gie de earste priis nei Thys, de 2e priis wie foar Hette en Jort gie mei de 3e priis nei hûs. Schilderwerken Knevelman in Itens - 06-43231940 - Info@schilderwerkenknevelman.nl 28
29 Online Touch Home