In krante-artikel út ’72 seit neat oer it lot fan de 4 bern op de efterbank, mar ek sy moatte op syn minst in protte skrammen en bûden oprûn ha om noch mar te swijen oer de mentale dreun dy’t it ûngemak nei alle gedachten by harren efterlitten hat. De ryksplysje fan Hinnaarderadiel besiket dêrnei de ferantwurdliken te efterheljen, mar sa’t skynt sûnder resultaat. De besikers fan it kafee witte it blykber ek net of soene sy de kiezzen opinoar hâlden ha? Yn 1972 kamen der goed 3250 minsken om yn it ferkear. Nea is dat sifer heger west as doe. Gelokkich foar ‘The Dukes út Rien’ hat harren ‘stunt’ gjin bydrage levere oan it oantal deadlike slachtoffers yn dat jier. Boarne: https://dekrantvantoen.nl - de Leeuwarder Courant van 27-12-1972 - Jan Spannenburg 47
48 Online Touch Home