6

Fan de redaksje Troch Elisabeth De tiid hâld gjin skoft, de simmerfakânsje komt deroan! Mar earst hawwe wy fansels noch it Fûgelwacht rikkersfeest en dêrnei it doarpsfeest yn ús Fjouwer doarpen. Hawwe jimme der ek al sin oan? Yn dizze edysje fan de Diggelfjoer sjogge wy graach foarút, mar ek sjogge wy even werom. Want wat hawwe wy it wer geweldich troen mei de Swit en Sit rin. Foar de 6e kear waard dit sportive barren alwer organisearre yn en rûnom ús doarpen en as wy it goed begrepen hawwe, groeit it evenemint noch altyd. Minsken fine it in feestje om nei Itens te kommen foar in Swit & Sit. Fierder hat Esther in ynterview hân mei Anneke Verbeek, better yn ús doarpen bekend as ‘juf Anneke’. Nei mear as fjirtich jier yn it ûnderwiis giet dizze ‘ikoan’ op basisskoalle De Romte yn Itens, no oisjeel mei pensjoen. In moai momint foar in petear. Der binne in stik as wat advertearders, dy ‘t ophâlde mei advertearjen, mar lokkich is der ek wer in nije advertearder; Tige Wolkom oan ‘Wolkom Thús’, de luxe apparteminten fan Hindrik en Jolanda yn Itens. No ‘t wy it dochs oer advertearders hawwe, wy hawwe noch wol plak foar in pear nije advertearders. Hawwe jo belang by in moaie advertinsje yn ús doarpskrante, mail dan nei diggelfjoer@live.nl Nijskjirrich is ek it ferhaal en de foto’s oer de ‘Lytse skuorre’yn Lytsewierrum, in inisjatyf fan de lytse mienskip yn dit doarpke. Hans hat op besite west by Haye Folkertsma, belutsen by it bestjoer fan ‘Stichting Steunfonds Christelijk Onderwijs Itens & Omstreken’. Wy as redaksje wolle dizze stichting graach tanksizze, dy ‘t ús fan no ôf jierliks stypje sil mei in finansjele bydrage. Dêr binne wy tige wiis mei! As lêste in oprop foar jimme as doarpsbewenners…. hawwe jimme in aardige bernefoto, dy ‘t wy in kear pleatse meie? Lit it ús frâl witte of stjoer de foto nei ús mailadres. In soad lêswille en in hiele moaie simmer tawinske! 6

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication