Fan de jeugdkommisje fan Kf Itens e.o. Troch Jentsje en Jan Gerben FEESTKEATSEN 13 july stie foar de jeugd it feestkeatsen op it programma. Mei in moai oantal fan 15 bern waard der keatst mei trije ferskillende listen. Eltse omloop nije maten en oare tsjinstanners. Bij de famkes kaam Rixt Stegenga mei de krâns te stean. De twadde priis wie foar Ninthe Miedema en as tredde eindige Marij Rameau. Bij jonges einige Tys van Wijngaarden as earste en krige de krâns om. As twadde eindige Thys Strikwerda en de tredde priis wie foar Melle Stegenga. KEATSTRAINING Op woansdei 9 july wie alwer de lêste training ûnder lieding fan Simon Minnesma. Yn totaal ha der 26 bern oan de trainingen meidien. De bern binne mei sprongen foarút gien, wat we werom sjogge op de kompetysje jûnen en wedstriden. Op 20 augustus binne de bern oan it diploma keatsen west. Nei it âlder-bern keatsen (29 augustus) sille dizze diploma's útdielt wurde. Ek dan sille de prizen fan it kompetsje keatsen ferdielt wurde. FREULE 2025 Ek dit jier wie Itens e.o, wer fertsjinwurdige op de Freule yn Wommels. Sybren, Hylke en Hessel hawwe spitich genôch de 2e omloop net helle, mar sy wiene der yn elts gefal by. Oare jier mar wer prebearje! 18
19 Online Touch Home