30

De fietswinnaars Feestkaarten Nei de prachtige fytspuzzeltocht wiene we klear foar it feestklaverjassen. Willem en Jan hiene al 5 tafels klearsetten, mar de animo wie grutter, dus der moasten noch 2 tafels by. Dat wie in geweldige opkomst. 13.15 oere koene we los. De earste boom ferrûn wat traach, we moasten noch eefkes op gang komme. It lukte dêrtroch net hielendal om foar 16.00 oere út te wêzen, dus de lêste boom hiene we der in stikje musyk by. Mar al mei al in tige slagge middei en de útslagen wiene: 1e Jan Kamstra - 2e Watze Zeinstra - 3e Jacob Kloosterman 4e Oane Bootsma - 5e Jan Leijenaar en de poedel wie foar Otte van der Weide Se gongen mei lekkere bakkersprizen nei hûs. Mei groetnis fan Immie 30

31 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication