Yn petear mei Tim en Wytske Troch Harmke Yn oardel jier binne der yn it lytse hofke fan de Buorren mar leafst trije hûzen ferkocht. Frans Mol hat allegearre nije buorlju krigen. Tim wennet yn it hûs dat earst fan Kees wie, Wytske yn it hûs wer’t earst Jurjen en Janine wennen en René en José yn it hûs fan Jouke, Hendrika en Ymkje. Fandêr dat der dit kear krekt even in oar ynterview is as oars. Mei Wytske en Tim is der in dûbeld ynterview. Wytske is der as earste en al pratende wei wurdt dúdlik dat pinne en papier gelyk oan it wurk kinne! Ballerina Wytske De 32-jierrige Wytske Nieboer is berne yn Hidaard en is as baby ferhuze nei Tsjerkwert. Wytske is de âldste fan ouwer bern. As jong famke hâld Wytske fan ballet, klassyk ballet om presys te wêzen. It wie har passy en se hie talint. Har doel wie om mei te dwaan by it Nasjonale Ballet oan it Zwanenmeer of de Notenkraker. Dat se der hiel wat foar oer hie, blykte wol út it feit dat se nei de basisskoalle net yn Fryslân nei in middelbere skoalle gong mar nei Den Haag. Dêr siet se op in foaroplieding fan it konservatoarium. De âlders fan Wytske hiene kunde yn Delft, sy waarden it gastgesin foar Wytske. Elk jier moatte je opnij audysje dwaan foar de foaroplieding en nei in jier waard Wytske ôfwiisd. Der wienen ferskeidene oare opsjes en Wytske keas foar Arnhem hjir hat sy trije jier west. In ynternasjonale balletdosint joech har de mooglikheid om har thús les te jaan. Sa hat Wytske twa jier privee lessen hân, foar’t sy de sprong weage nei it bûtenlân. By Ballet West yn Taynuilt (Skotlân) folge sy tagelyk in dûns HBU. Nei jierren fan alles yn it wurk setten foar dûnsjen murk Wytske dat sy dit net langer woe. Sy stoppe mei har oplieding en gong nei Wageningen om dêr Bos en Natuurbeheer te studearjen. De eksakte fakken leinen har minder en soargen derfoar dat se de oplieding net ôfmakke hat. Wytske kaam werom nei Fryslân. It opjaan fan har dûnsdream en it stoppen mei de oplieding hienen mear impact op Wytske dan se tocht hie. Wytske gong oan it wurk en kaam fan ferskillende tydlike kontrakten bij Osinga-De Jong yn Makkum terjochte. Hjir hat se in fêst kontrakt krigen bij dizze edukative tsjinstferliener. Der kaam ek wer romte foar nije ideeën dy’t har letter yn Rien bringe soene. 35
36 Online Touch Home