40

Programma Muzykkafee 2025-2026 Ôfrûne tiid binne we drok dwaande west mei it programma fan it Muzykkafee foar it kommende hjersten winterskoft. We ha in programma dy't fan Nederpop oant Grunge-rock giet. Dus foar eltsenien is dêr wol wat te belibjen. Op 11 oktober starte we mei coverband “Jack in the Box” út Easterein. Ferline jier ha de mannen al in kear in foarprogramma by ús op it podium ferswoarge en dat wie in grut sukses. Op 29 novimber ha we “Dubbel D”. Dit is in de Dijk-tribute band en sy witte de sfear der goed yn te bringen. Ôfrûne jier ha we in festival organisearre en dit smakke nei mear. Op 7 februaris ha we de earste 2 bands fêstlein. “Angry Chair” bringt hearlike Grunge-rock en we ha de mannen fan “Ginhouse Bluesband” sa fier krigen dat sy it poadium ek wer op gean. De tredde band binne we noch mei besich. Op 4 april ha we de ôfsluter mei de tributeband “Status Quo Forever”. De fuotsjes kinne dan lekker fan de flier en we kinne meibalte en luchtgitaar spylje! Mooglik komt der noch in extra jûntsje en dan gean we hielendal ût ús dak!! We ha foar dizze jûn noch net alles rûn. Hooplik sprekt it programma jim oan sjogge wy jim ûnder it genot fan in bierke, bitterbaltsje, stikje tsiis of woarst yn ús moaie Muzykkafee! Bouwe Jan, Eddy, Reinder en Tiede 40

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication