44

Yn de krânse Troch Watse Nimmen hat faker mei syn priiswinnende kij yn it Diggeloer stien as Sybren Nauta. Sterker noch, de kij dy’t no yn de prizen fallen binne hawwe wy yn dit krantsje alle beide al in kear earder foar it fuotljocht brocht. Mar as dy bisten mar molke jaan bliuwe dan kriget harren prestaasje op in bepaald stuit fansels in legindaryske status. En dat is no wol echt it gefal. De grins fan 10.000 kg fet en 10.000 kg aaiwyt sljochtsje is wier wol de grutste prestaasje dy’t in molkko eins behelje kin. En Sybren hie net 1 ko dy’t dit foar inoar krigen hat, nee hy hie der fuortdaliks 2 en dan wiene dat ek noch mem en dochter fan inoar! Werklik unyk dus en alle reden foar in lyts feestje. Op 25 july stie der dêrom gebak yn de skoarre by Sybren en Elbrich en waard de âldste fan de beide jubilarissen fersierd mei in wol fertsjinne krânse. Dochter Astro Ageeth 50 helle it jubileum feest spitigernôch krekt net. In dei foar it feest glide sy út en skuorde dêrby it krús. Skande fansels, mar it makket harren prestaasje der net minder om. De hiele oprit stie fol mei auto’s en sawat alle melkfeehâlders út de buert wiene oanwêzich om Sybren, Elbrich mar ek Kobus en Im te felisitearjen. Ek neiste buorman én kollega boer Hein Wynia wie fan de partij. By kâns hearde ik Sybren tsjin Hein sizzen dat syn top ko miskien hast mar in plakje yn it lân ha moast by de ko fan Hein. As in soarte fan rêsthûs en beleanning foar bewiisde tsjinsten. Ik fûn it earlik sein net sa’n gek idee fan Sybren. Syn ko, Himster Ageeth 49, hat harsels 17 jier lang steande hâlden op in produksjebedriuw. Sy hat yn al dy jierren mear as 150.000 liter molke jûn. Dan ha jo tink ik yndied wol hast in rêstich plakje yn it lân by Gerbrich fertsjinne. 44

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication