46

Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ Hawwe jimme fan it simmer op de camping ek even werom tocht oan Benny en Anny en de oaren? Rûn der ek in ‘Irene’oer it fjild om nei it húske te gean? It is no alwer even lyn dat wy op it poadium yn de Lytse Fjouwere stiene mei ús stik. De tintstokken binne ûndertusken wer nei soulder en Benny syn hannel leit op syn gat mei it moaie waar. Wy meitsje wer nije plannen foar it winterseizoen! Us regisseur Harrie fan it ôfrûne jier hat it stokje oerjûn oan Klaas (Oldenburger). Hy hat wakker plannen mei ús ploech en wy hawwe der al hast sin oan! Wy binne no drok oan it lêzen mei stikken en wy sille sjen wat der útkomt. Gean der mar fanút dat it wer laitsjen wurdt. It wykein heal maart 2026 de aginda mar frijhâlde! De spilers binne wer frege (en der binne 2 nije talinten!), de data ynpland yn it doarpshûs en de startdatum is bekend. Wy hâlde jim op'e hichte! Spilers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is Tsjerkepaad 2025 Alle jierren stean ferskate tsjerken yn Fryslân iepen foar besichtiging. Dit kear is dat eltse sneon-te-middei fan 13.30 - 17.00 oere fan 5 juli o/m 13 septimber. En net allinne de tsjerke fan Itens, mar ek dêr omhinne sa as Lytsewierrum, Easterein, Britswert, Wiuwert en Boazum ha dan de doarren iepen foar besichtiging. Ek hat men dêr faaks in eksposysje oan taheakke. In ferskaat oan puzzels yn Wiuwert en Britswert en yn sawol Boazum as Lytsewierrum binne letterlapen te sjen. Dat binne net allinne hiele âlde borduursels mar ek dy no makke wurde nei oanlieding fan it gesin, in geboarte of jubileum. De muoite wurdich om ris te besjen, jo binne fan herte wolkom! 46

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication