Se wie in ûndernimmende frou, dy’t oant op hege leeftyd (93 jier) selsstannich wenne hat. It winkeltsje wie doe al sa’n fyftjin jier har sliepkeamer wurden. Ik wit ek dat se, doe’t har soannen út hûs wiene, geregeldwei sels op fakânsje gie nei de Veluwe. Op ‘e fyts, jawis. Lyts, mar krêftich wie se. Ek gie se faak mei busreizen nei Dútslân of Eastenryk. En op har tachtichste gie se noch mei in freondinne, Rika Hoekstra, nei Israel om noch ris yn de Deade See te swimmen. It wie in libbenslustige frou, dy’t nei har man, altyd allinne west hat.” Tjitske en letter ek har soannen fytsten sels by de boeren yn en om Itens, Rien en Lytsewierrum del om Rika Hoekstra en Tjitske de Jong de produkten mei de bakfyts oan de man te bringen. De boerinnen bestelden har produkten troch se yn in boekje te skriuwen. Dy boekjes waarden earst ophelle troch Tjitske of har soannen en dan waarden de boadskippen brocht. Soms waard der misbrûk fan har makke. Bygelyks as in boer sei dat er it boekje mei bestellingen meijaan soe as Tjitske earst efkes de kast yn de wenkeamer skjinmakke. Faak hie Tjitske net in soad yn te bringen tsjin sokke fersiken. Der moast ommers brea op 'e plank komme. Dochs stie se bekend as in frou dy’t har goed wearde en de tsiis net fan it brea ite liet. Tjitske kaam út in sosjalistysk nest en har bern giene nei de iepenbiere skoalle yn Itens. Doe wie dy skoalle noch oan it ein fan Itens [red. Hearedyk 1, dêr’t no Guus en Jeannet wenje] en moasten de jonges har letterlik en figuerlik lâns de kristlike legere skoalle ‘ochtsje’ dy’t oan it begjin fan Itens stie. It wie haat en nyd tusken de learlingen fan de twa skoallen. Herman en Gerrit hienen lykwols har mem achter harren stean, want as de need echt heech wie, joech Tjitske harren mei, dan koenen de jonges sizze dat se har mem op harren ôf stjoere soe. En alle bern hienen grut respekt foar dizze lytse, krêftige frou. Neist de drokte yn de winkel, brocht se ek lang de Ljouwerter Krante yn Rien en omkriten. Fansels op ’e fyts. As in reade tried troch har libben rûn it toaniel. Fan jongs ôf oant har 80ste spile se mei leafde en enerzjy mei yn it toaniel fan de no noch altyd libbene toanielferiening Nim it sa’t is. Se spile mei nocht en leafde en brocht wille yn de doarpen. Ek yn har deistich libben brûkte se dy kwaliteiten noch, lacht beppesizzer Tjitske: “Ik wit noch dat wy har ophellen foar in útstapke nei it Iepenloftspul fan Jorwert en ik har frege wêrom’t se in kuierstok by har hie, want dy hie se doe noch hielendal net nedich. Wacht mar ôf, sei se. Sadree’t wy yn Jorwert oankamen, pakte se har kuierstok en rûn nei de notaristún. Sa regele se in plakje op de foarste rige omdat se min rinne koe’.” 7
8 Online Touch Home