Troch it toaniel rekke se ek tige befreaune mei Rika– de regisseuse fan de toanielferiening – en besike mei har toanielspul, mar giene ek tegearre op fakânsje nei û.o. Israel. It toanielferhaal rint as in reade tried troch de famylje, want beppesizzer Tjitske spile ek in skoftke by De Krite yn Boalsert. Fansels kenne wy oerbeppesizzer Thea út Itens ek fan dyselde toanielferiening Nim it sa’t it is en lit har dochter, oer-oerbeppesizzer Esmee Metz ek faak har poadiumkwaliteiten sjen. Hoe bysûnder is dat? Foar al har ynset foar de toanielferiening Nim it sa’t it is is Tjitske de Jong eare mei in lintsje troch de keninginne. It wie altyd laitsjen mei beppe Tjitske, seit beppesizzer Tjitske. Har heit fertelde dat beppe Tjitske strang wie foar har soanen, mar dat se yn dy tiid, as frou allinnich en trije mûlen te fieden, miskien ek net folle kar hie om it oars te dwaan. Foar har pake- en beppesizzers, dêr’t Tjitske ien fan wie, wie se in fleurige, ûndernimmende, undogense, eigenwize beppe. Se wie oant yn har lêste jierren tige aktyf, makke altyd krúswurdriedsels, lispuzzels en spile spultsjes. Se klaverjaste fanôf de jierren sechtich in pear kear yn ’e wike mei buorman Sipke. Se besocht oant op hege leeftyd de ‘âlden fan dagen’ yn it fersoargingssintrum yn Wommels foar harren fermaak, wylst se sels al boppe de 90 wie. Yn Rien passe de minsken op elkoar. Buorfrou Rika tikte elke moarns efkes op it rút om te sjen oft Tjitske wekker wie. Op moandei wie dat tikjen op it rút ekstra betiid. Beppesizzer Tjitske fertelde dat it moandei waskdei wie en der in ûnskreaune striid tusken de buorfroulju ûntstien wie om wa’t as earste de wask oan de line hie. Beppesizzer Tjitske fertelde laitsjend dat op guon moandeis de wask om 5 oere moarns al wapperde yn Rien. Tjitske bleau altyd yn goede sûnens. Om har 95ste hinne waard Tjitske siik en koe se net mear selsstannich wenje. Se ferhúze nei fersoargingshûs Huylkenstein yn Boalsert, dêr’t se op har 96ste ferstoarn is. “Ik ha in tige ynspirearjende, eigenwize en fleurige beppe hân”, fertelt beppesizzer Tjitske. In prachtich ferhaal efter de foto yn it winkeltsje fan Tjitske de Jong-Visser. 9
10 Online Touch Home