Henkie 80 giet foar de 100! Troch Watse It is al efkes lyn dat wy agrarysk nijs brochten yn it ‘Diggeloer’, mar no is it wer safier. Op social media seagen wy in nuvere titel foarby kommen. 'Henkie 80 hat 100.000 kg molke oan syn baas ôflevere'. In ko dy’t Henkie 80 hjit. Dat is op harsels al bysûnder tochten wy. Dus ha ik kontakt opnaam mei de man efter dat berjocht. Mar earlik sein ha ik no noch net de folsleine namme fan dizze ko neamd, want offisjeel hjit dit bêste bist nammentlik Astro Henkie 80 en dan witte in protte minsken tink ik daliks wol wa’t de lokkige eigener is. Krekt, Sybren (Astro) Nauta. Wittende dat Sybren de eigener is skynt der foar my ynienen ek in oar ljocht op dizze saak. Fan ’t maitiid binne Sybren en Elbrich ommers de grutske heit en mem wurden fan harren dochter Ella. En as jo in ko mei 100.000 kg molke hawwe, wat krije jo dan? Jawis, in panne fan Makkumer ierdewurk. Sybren en Elbrich ha mei de komst fan Ella fansels in ekstra persoan oan tafel krigen en dêrom moat der no fansels ek in ekstra board komme. Mar Sybren en Elbrich meitsje my al gau dúdlik dat de komst fan Ella net de motivaasje wie om ien fan harren kij krekt wat langer oan te hâlden. 12
13 Online Touch Home