14

Sybren: “Henkie is dit jier al ús 3e ko dy’t mear as 100.000 liter jûn hat. Yn de tuskentiid is der noch alwer ien bykaam, dus oan boarden ha wy hjir thús beslist gjin gebrek.” De namme Henkie docht miskien tinken dat Sybren yn in joalige bui wie doe’t hy dit keal in namme joech, mar neat is minder wier. Yn werklikheid giet der in tryst ferhaal oan foarôf. Sybren syn heit heart op in moarn dat in âlde skoalmaat fan him hommels ferstoarn is. It wol him net oan en it hâldt him de hiele dei wat dwaande. Dan moat der letter op dy dei in ko kealje en dat smyt in moai kokeal op. It keal wurdt ferneamd nei Kobus syn eardere maat en mei de jierren docht bliken dat Henkie 80 in hiele bêsten is. Sybren lit my meisjen op syn kompjûter en jout my útlis oer alle produksjesifers fan syn kij. Prachtich moai om syn passy fan tichtby mei te meitsjen. Sybren is op en top dwaande mei it fokken fan kij, dy’t hy dan ek stik foar stik by namme kin. Hy scrolt troch de list mei nammen en ik sjoch sawat myn eagen út. Doe’t myn heit noch buorke hiene sawat al syn kij deselde namme. Der rûnen tink ik wol in stik as 10 Jetske’s om en dan hiene wy ek noch in protte Regina’s, Jantsjes en Metsjes. Mar dêrmei wie de kreativiteit wol sa’n bytsje op. Mar by Sybren yn de stâl rint fan alles om. Kij mei nammen dy’t syn heit noch betocht hat, mar ek hiele deftige nammen lykas Brigitte. Sybren fertelt dat hy faak wol wat nijs betinkt as der in keal bykommen is. As wy noch fierder nei ûnderen ta scrolle komme wy ek bekende nammen tsjin. It docht bliken dat as jo geregeld op it hiem komme by Sybren of befreone binne mei Sybren of Elbrich, dat it dan samar sa wêze kin dat der in skoftke letter in ko mei jo namme troch Sybren syn stâl rint! Sa binne Maaike Kamstra, Pietie de Vries en Berber Rameau yntusken allegearre al ferneamd. Fansels jildt datselde ek foar Sybren syn eigen frou en dochter. Hoe sit dat eins Sybren. Wat no as ko Elbrich of ko Ella net safolle molke jout. Kinst dan noch wol ôfskie nimme fan sokke kij? Sybren: “No, dat is dus alris bard mei in ko dy’t nei Elbrich ferneamd wie. Mar dat los ik altyd gau op troch in nij keal nei har te ferneamen. Sa giet dat hjir. Sybren lit syn moaie en typearjende laits der efkes by sjen. Op syk nei in moaie foto buorkje wy noch eefkes. Sybren hat by al syn kij in ferhaal. Hy wit de namme fan it bist en ek wa’t de heit en mem wiene. Oer Henkie 80 fertelt hy bygelyks dat dy ko as rier best in boef wie en somtiden wyld om har hinne skopte. 14

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication