16

Bollen hat Sybren net folle omrinnen. Om krekt te wêzen binne it der mar twa. Sybren brûkt in eigen bolle foar syn jongfee. Pas as de kij harren produksjewearde wat sjen litten ha keapet hy sied yn fan in bolle dy’t himsels al bewezen ha. Ik bin benijd hokker nammen Sybren foar dizze twa gelok skiters betocht hat. Sybren begjint wat te glimkjend en seit dan: “Ja, mei nammen fan bollen leef ik my altyd efkes wat ekstra út. Dizze hjit Juggernauta en dy oare is Barry Batsbak! Der moat ek wat humor wêze no. By de keallen treffe wy it iennichste keal oan dat no noch gjin namme hat. It is in prachtich kokeal mei ‘Brown Swiss’ bloed yn har. Sy is dêrtroch prachtich moai ljochtbrún fan kleur. `Ik sil der noch efkes oer neitinke hoe’t dizze hjitte moat. Miskien wurdt it wol in Roelie. Do wist it hjir noait…”. Wy gean mar gau fierder. Sybren wiist my ferskate bisten oan dy’t al tsjin of al krekt oer de 90.000 liter molke jûn ha. Dus as wy wolle kinne wy takom jier sa wer in kear as 5 by Sybren op besite komme. “It bliuwt noch wol bysûnder en jo gunne it de kij dy’t tsjin de ton oansitte op een beskaat momint ek, mar it begjint foar ús ek al te wennen. Ik ha hjir ek in ko rinnen dy’t al 17 jier is en hast 140.000 liter molke jûn hat. In dochter fan dy ko sit ek al rom boppe de ton. Myn folgjende doel is eins dat dizze mem en dochter beide mear as 10.000 kg fet en aaiwyt jûn ha. As dat bart kinne wy wol wer ôfprate. Oant dy tiid moatte de oare boeren hjir út de buert mar wat fertelle oer harren fee.” Dus jimme hawwe it heard, beste feehâlders. Wy hearre graach de bysûndere prestaasjes fan jimme bisten. En dat hoecht fansels net altyd oer kij en sleatten fol mei molke te gean! Ta beslút, foar de leafhawwers, hjirby noch de statistiken fan Astro Henkie 80. Heit Legend dagen % eiwit 2.847 (7,8 jier) Kg molke 100.568 % vet 3,86 3,62 Lokwinske Sybren! 16

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication