Program fan it Iepen Kafee 2024-2025 As team fan it Iepen Kafee ha we der wer sin oan om de leafhawwers fan gesellichheid mei in lekker drankje en in miel iten der by, te ferwolkomjen yn de “Lytse Fjouwere”. We begjinne yn de sfear fan Kryst, Fred sil der wer foar soargje dat der wat lekkers opÕe tafel komt. Ha jim bepaalde dieëtwinsken, dit graach by it opjaan fermelde. Dit binne de data: 14 desimber: Krystdiner foar 60+. Opjaan foar 10 desimber 21 desimber: Krystdiner. Opjaan foar 17 desimber 14 Febrewaris mei, hoe kin it ek oars it tema “Love/Valentine”. Opjaan foar 10 febrewaris 5 april Diner foar 60+. Opjaan foar 1 april Opjaan kin fia de mail delytsefjouwere@gmail.com of belje/appe nei Agatha Flier 0618489517 De kosten? Dy fermelde we per kear fia de webside. Dizze data kinne fêst ynÕe agenda setten wurde, elk diner wurdt dan nochris oankundige yn de nijsbrief fan de webside fan de 4Doarpen en/ of yn Diggelfjoer. Dat graach oant sjen yn “de Lytse Fjouwere! Team fan it Iepen Kafee Fred, Marja, Bouwe Jan, Fokje , Immie, Trees, Sippy en Agatha 25
26 Online Touch Home