Kroechferhalen - Tante Jet Troch Watse Troch it Diggeloer ha wy der thús samar in muoike by krigen. Dat is kommen neidat ik yn de kunde kaam bin mei de bern fan Gré Smeding. Gré ferstoar jammerlik oan it begjin fan 2024, mar sy groei de op yn Rien, yn it eardere kafee fan har âlden Dooitzen en Trijntsje Smeding. Doe’t ik mei Gré har neiteam yn de kunde kaam fertelden sy my al gau oer harren ‘tante Jet’. Tante Jet wie in honger-evakuee út Amsterdam, dy’t yn de winter fan 1944-‘45 in feilich plakje fûn hie by de famylje Smeding yn Rien. . Jimme sille miskien wol begripe dat ik fuortdaliks benijd wie nei dizze tante Jet. Ik bin net allinnich nijsgjirrich nei de skiednis fan de eardere kafees yn ús mienskip, mar ek bot ynteressearre yn de twadde wrâldoarloch. De kâns om immen te moetsjen dy’t oer beide saken tagelyk fertelle kin, gryp ik fansels mei beide hannen oan. Sa ried ik op 3 maaie, tegearre mei Roelie en de bern, De Ofslútdyk oer rjochting Amsterdam. Want dêr yn ús haadstêd wennet tante Jet normaal sprutsen. Mar flak boppe de grutte stêd bûge wy ôf nei it westen en bedarje op ien fan de meast bysûndere wenplakken dy’t ik ea yn Nederlân sjoen ha. Simmerdeis wennet tante Jet nammentlik net yn de drokke stêd mar midden op it strân fan IJmuiden! Flak ûnder it Noardseekanaal wurde hjir elts foarjier 3 rigen mei strânhûskes opboud en ien fan dizze húskes is tante Jet har simmerferbliuw. Se wennet der al jierren en hat sadwaande ien fan de moaiste plakjes, op de foarste rige. Mar hjoed is it beslist gjin strânwaar. Hoewol’t noch altyd prachtich is, bedarje wy dêrom binnen yn it knusse strânhúske fan tante. Tante Jet yn har strânhûske 29
30 Online Touch Home