43

Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ Yntro nije seizoen en in kleur- en tekenaksje! It is ek samar om, sa’n simmer. Sa sitte je noch op’e kemping en sa binne je it winterseizoen al wer ynlutsen. Harrie Draaijer hat as regisseur al plannen makke hoe wy dizze winter mei toaniel oan ‘e slach sille en 30 septimber ha wy úteinsetten mei de repetysjes, sadat wy ein maart wat op de planken bringe kinne. Tsien minsken ha oanjûn dat se graach meidwaan wolle en foar alle tsien hat Harrie in rol fûn yn in fleurich toanielstik. Mei noch wat ekstra frijwilligers sille wy ús ynsette om jimme (en ús sels) in noflike jûn te besoargjen. Útfieringsdagen: 28 en 29 maart 2025! Dat duorret noch in hiel skoft, dus jimme moatte efkes geduld ha. Asto no al wat ferdivedaasje wolst: Do kinst de kleurplaat yn dizze Diggelfjoer ynkleurje en ynleverje by Fred, Elisabeth of Ronald hjir sille wy de moaisten útsykje foar in presintsje. Wolsto ekstra útdaging? Tekenje dysels yn de kleurplaat derby op. Wy binne benijd wat jimme der fan meitsje. Uterlik ynleverje op 2 desimber. Reserveren dorpshuis De Lytse Fjouwere Aanvragen kan alleen nog via de mail! Ons mailadres: delytsefjouwere@gmail.com Aanvragen worden in volgorde van binnenkomst in behandeling genomen en eenmaal per week verwerkt. 43

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication