45

Fan ‘e feestkommisje De simmer leit al wer fier achter ús, en it sportfjild/ feestterrein leit der ferlitten by. De flachjes binne opromme, en de epyske medaljes hingje yn de prizekast. Wat liket it alwer lang lyn dat it doarpsfeest yn de Fjouwer doarpen wie…. Nei ús earste evaluaasje fan it doarpsfeest yn de simmer hawwe wy as feestkommisje ein septimber noch in kear by inoar sitten. Doe ha wy ek ôfskie naam fan 5 kommisjeleden; Watse, Hans, Oane, Jorrit en Anne. Allegear tige, tige tank foar jimme ynset, entûsjasme en positive enerzjy. De feesten fan de ôfrûne jierren geane de boeken yn as ûnferjitlik en dêr hawwe jimme oan bydroegen. Mar jimme litte ús (Jan, Iris en Elisabeth) wol mei in grut gat achter kwa kommisje-besetting…. En dus is dan de fraach; en hoe no fierder? Sille wy in jier oerslaan? Of in doarpsfeest yn ôfslanke foarm, fan bygelyks 1 dei? Of takom jier ‘gewoan’ wer in doarpsfeest? Weromsjend op de lêste trije doarpsfeesten en it waarme mienskipsgefoel dat it wat ús oangiet bringt, hawwe wy mei ús trijen foarsichtich in plan makke foar it kommend jier. Wat, hoe, wannear, mei wa ensfh.? Dat witte wy noch net! Mar de kommende tiid sille wy sjen oft wy nije kommisjeleden fine kinne om ús derby te helpen. En dan komme wy der graach by jimme op werom. Mochten jimme al in aginda foar 2025 hawwe, dan soene jimme hier foarsichtich de data 11,12 en 13 july mei potlead deryn sette kinne. Dat is in soarte fan mooglike datum foar in feest(je) yn 2025…. Wy hâlde jimme op ‘e hichte! Feestelijke groet van de feestcommissie Elisabeth, Iris, Jan 45

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication