5

Fan de redaksje Troch Esther Hearlik! Hearst! Myn favorite tiid fan’t jier! Tiid om mei in boekje yn’e hoeke fan de keamer te krûpen, deun tsjin de kachel oan. Nofimber en desimber: de tiid fan Sint Marten, Sinterklaas en de feestdagen. Foar in protte minsken in drokke, mar prachtige tiid. En it is mar krekt hoe drok ast dy makkest. D’r sille grif ek minsken wêze dy’t it muoite ha mei de kommende moannen. It is ek in tiid dat minsken wat mear yn’e hûs bliuwe. Derom: ast dyn buorlju al in skofte net op de dyk sjoen hast: meitsje in praatsje, doch in bakje. Dat is ek mienskip. Diggelfjoer docht har bêst om ferbiningen te lizzen yn ús fjouwer doarpen. Genytsje mar lekker fan dizze nije Diggelfjoer mei wer prachtige ferhalen fan Watse oer eartiids yn Rien, Hans hat del west by nije ynwenners en op de basisskoalle yn Itens is fan alles bart. De redaksje fan Diggelfjoer winsket jo in noflike tiid ta yn de wintermoannen en oan’t yn 2025! It blonde famke fan de foto rjochts yn de lêste Diggelfjoer wie Sippy Wiersma! Ek no wer in moai plaatsje fan in doarpsbewenner. Wa is dit? 5

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication