Nijs van toanielklup Nim it sa’t is Kollekte Yn de earste wike fan juny is der yn Itens kollektearre foar it Epilepsiefonds. In moaie opbringst fan 188,00 wie it resultaat. Der koe ek fia in QR koade jild oermakke wurde. Dêr is ek gebrûk fan makke, dat de úteinlike opbringst sil grif boppe de 200,00 útkommen wêze. It jild wurdt benammen brûkt foar ûndersyk en dat is hurd noadich. Mei út namme fan Johanna Bouma en Gretha Boonstra, tige tige tank foar jim bydrage. Agatha Flier
22 Online Touch Home