18

Tiden hawwe tiden - De Wite Swan Troch Watse Dizze kear gjin smout kroechferhaal, mar wol in pear moaie âlde foto’s fan in herberch dy’t eartiids yn Rien stie. It is foar de feroaring in kear net in foto fan de wetterherberch mar fan dy oare herberch, dy’t lange tiid byldbepalend foar Rien west hat; De Wite Swan. Dizze herberch stie op it plak dêr't no de wenning fan frou de Vries en de dûbelde wente fan Rick en Sanne Veffer stean en oan de oare kant de wenning fan frou Veenstra. Hoewol’t op beide foto’s praktysk itselde te sjen is, ha’k dochs mar besluten om se allebeide ôfdrukke te litten. Sy bringe tegearre nammentlik presys de titel fan dizze rubryk yn byld en litte sjen dat eltse tiid yndied syn eigen tiid hat. De âldste fan de beide foto’s is dúdlik makke yn it winterskoft. Alles is keal. Dizze foto lit ek noch wol sjen werom’t it kafee nei alle gedachten De ‘Wite’ Swan neamd waard en net gewoan De Swan. Op de lettere foto, dy’t makke is yn de maitiid of by’t simmer, is dit al in stik minder goed te sjen. Hoefolle tiid der krekt tusken it meitsjen fan dizze twa foto’s sitten hat, doar ik jimme net krekt te sizzen. Mar troch nei de gebouwen op ’e eftergrûn te sjen kinne wy al in stik wizer wurde. It hûs oan de Draversdyk nr. 7 is boud yn 1925. Op de âldste foto is fan dit hûs noch neat werom te finen. Dus dizze foto is beslist earder makke. It hûs fan Jan Spannenburg oan de Draversdyk 9 is wol op beide foto’s te sjen. Fan dat hûs is bekend dat it boud is yn 1914. De boppeste foto moat dus wol tusken 1914 en 1925 makke wêze. Iksels tink tusken 1915-1920. Op de lettere foto is al te sjen dat de herberch sa stadichoan wol oan wat ûnderhâld ta is. It gebou is úteinlik reedlik koart nei de oarloch ôfbrutsen, mei troch dat it yn ferfal rekke wie. De dûbelde wenning fan de famyljes Veffer en Veenstra is boud yn 1953 en it hûs fan frou de Vries is boud yn 1964. De ûnderste foto is dus yn elts gefal tusken 1925 en 1953 makke. Spitigernôch kin nimmen ús mear krekt fertelle hoe’t it der binnen útseach of oan tagien is. Dus dêr sille wy sels mar wat by betinke moatte. Mar foar de minsken dy’t graach puzelje meie biede dizze beide foto’s in pracht kâns. Sykje mar ris 10 ferskillen tusken de beide foto’s op, dy’t ik no noch net neamd ha. Is it al slagge? No dan kinst dizze puzel gewoan nochris meitsje hear. Sykje dan no bygelyks mar ris 10 ferskillen op tusken de ûnderste foto en de tiid fan hjoed-de-dei. Sukses! 18

19 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication