37

Ik koe yndied wol gek wêze. De bolle stoarret my oan mei syn gleone eagen en byt út frustraasje mei syn snaffel yn it houten stek dat my tsjin de bolle beskermet. Slok, dit beloofd wer wat… Al blazend en triljend fan lilkens fljocht de bolle op my ôf as ik úteinlik syn domein yn stap. In echte bolle moat somtiden noch wolris wat motivearre wurde om lilk te wurden op de man dy’t by him de Arena ynstapt, mar by dizze bolle mei fearren hoecht dat nea. Hy stiet altyd ree om my wat oan te dwaan! Myn stôk kriget it opnij swier te ferduorjen en rêdt my op ferskate mominten. Dêrom, tinke is hjoed beslist wichtich want myn opponint hellet op dizze lêste dei ek ynienen in geheim wapen út de kast. Hy dûkt mei syn lange hals oant twa kear ta ûnder de stôk troch! Ik spring in kear oan de kant en kin dan gelokkich de angelsteun wer tsjin syn hals oansette. Ik slagje yn myn misje en jou myn opponint wer in nije poarsje mei krêftfoer. It idee dat ik dit mysels út frije wil oandoch, om him iten tejaan, spûket my eins al dagen troch de holle. As ik wer oan de goede kant fan de hikke stean te bekommen, sykhelje ik in kear djip. It sit der op. By de oerdracht fan de kaai doch ik ferslach fan myn fakânsjebaan. De fêste Toreador moat der wat skamper om laitsje. Tagelyk bekend hy oan my dat hy in pear wike lyn noch swimles fan de bolle krigen hat. Troch in klap bedarre de Toreador yn it privee swimbad fan de bolle! Dêr komt hy no mei, betink ik mysels! De angelsteun dy’t my troch de fakânsje hinne holpen hat nim ik wer mei nei hûs. As ik him útliene soe wurdt it fansels te maklik no Mar alle respekt foar dy Jan Gerben, as de fêste Toreador fan Itens. Ik snap wol datst soms efkes in wike bekomme moast. Meist my gerêst opnij freegje hear, stikem hâld ik ek wol fan in aventoerlike fakânsje. Mar as ik mei troch dit stikje in oare kear te meitsjen krij mei taskôgers, dan rekkenje ik as in wiere Spaanske Torearo fansels ek op blommen en rûn fleanende petten, as it my opnij slagget om de ‘bolle’ te slim ôf te wêzen. Olé (lichtlik basearre op wiere foarfallen) 37

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication