Drave op de Draversdyk Troch Douwe Willemsma Rien is ûntstien op de krusing fan wetter en dyk. It is gjin terpdoarp lykas de oare trije doarpen fan de fjouwerkaart, mar in krúsdoarp. Der is gjin tsjerke, mar der wiene yn it ferline wol trije herbergen; Het Vergulden Hooft, De Witte Zwaan en Het Wapen van Hennaarderadeel. De lêste, in âlde iisen wetterherberch is der noch mar sûnder drankfergunning. Dy stiet no al in skoft yn de stegers en wurdt geweldich opknapt. De Witte Zwaan hie syn namme te tankjen oan it swannerjocht dat de bewenner yn Rien hie by de Rienstersyl. Dy syl is ferdwûn mar hie in útwetteringsfunksje foar de Eastereiner polder krekt as de Hidaardersyl en de Sanleanstersyl. Yn de 16e ieu ferkocht de famylje Mollema in stik fan de “gerechtichheyt van de suanejacht, suanen ende suanemerck en de vischkenije van Rienstersyl”. Doe, mear as fjouwerhûndert jier lyn, hie Rien al swannerjochten lykas de stins Hoxwier by Mantgum dy ek hie. De herberch Het Vergulden Hooft hie nei alle gedachten in moaie kop oan de gevel of boppe de doar. Rien is pas sûnt 1954 oisjeel in doarp wurden, dêrfoar wie it in útbuorren fan Lytsewierrum. Dochs hie dy útbuorren tiden lang trije herbergen sa’t jimme sjoen ha. Dat kaam grif net fan de eigen ynwenners en har drankgebrûk, want dan hiene der wol mear doarpen west mei sa’n oanbod. Nee, Rien wie ferneamd om syn hynstemerk en dêr kaam safolle folk op ôf dat de herbergen dêr foar in grut part fan bestean koenen. Yn it midden fan de 17e ieu wie neens Schotanus dy merk der al. Hy skriuwt: “In deze buyrte is een voornaeme Jaermerck op den 21e Augusti”. Letter is dizze merk nei de ein fan de moanne gien op de woansdei foar Boalserter merk. Sa’n hynstemerk moat men fergelykje mei hjoed-de-dei de hynstemerk fan Zuidlaren. Yn it noarden wiene in pear fan sokke grutte merken en dy by Rien duorre trije dagen. 8
9 Online Touch Home