Omtinke Troch Watse Ik ha der sûnt koart in nije hobby by. Njonken de fûgelwacht bin ik no ek lid wurden fan it GIT! It is in bytsje kommen omdat jo as neisoarger tsjintwurdich best wol de nedige teloarstellings te ferwurkjen krije. Want der binne net safolle greidefûgels mear en de aaien dy’t wy noch fine groeie lang net allegearre út ta in folwoeksen greidefûgel... Om wat better mei sokke teloarstellings om te gean sit ik no dus ek by it GIT. En ik sil it jim sizze, it befalt my poerbêst! Foar safier as ik wit binne myn sweager Hein en ik oant no ta de iennige aktive leden yn dit rayon. Mar it soe my neat ferwûnderje as meikoarten it optilt fan de leden. Want ek by it GIT kinne jo hearlik fan it frije ild genietsje en krektlyk as by de fûgelwacht it gefal is, giet ek by ‘ús’ alles om it sykjen fan aaien en it genietsjen fan de natuer. It grutte ferskil is allinnich dat it der by it GIT allegearre folle relaxter oan ta giet. Wy ha bygelyks hielendal gjin ferplichtings mear om it ild yn te gean. Is it waar dy te min of hast in kater fan jewelste? No hielendal gjin noed jonge! Dan bliuwst dochs lekker thús op de bank omhingjen. Echt wier, dêr dogge sy by it GIT net dreech oer. Mar ek asto wol in kear it lân yn giest is it allegearre sa maklik as wat, sil ik dy sizze. Sa rinne wy bygelyks ek net mear oates en toates it stik lân op en del om in nêst te finen dat der miskien hielendal net iens leit! Bist besoademitere, dêr begjinne wy by it GIT net mear oan. Us slogan is net foar neat ‘By it GIT hat nimmen lêst fan SWIT! Wy rinne op syn heechst ien kear bylâns de sleatswâl en dat is it wol. As wy it dan noch net fûn ha, dan leit it der yn ús eagen ek net. En no hear ik dy tinken, dy mannen bakke der op dy manier neat fan en rinne mear as de helte fan de aaien oer de kop. Mar do wolst it leauwe as net, ik doar te wedzjen dat wy eins nea in nêst oer de holle sjogge. Bisto soms sa’n typyske frijwilliger dy’t altyd en oeral de kantsjes der wat fan ôfrint? Hindert neat! Kom by it GIT, wy dogge dêr net oars! De fûgels, dêr’t it by it GIT allegearre om te dwaan is binne al krekt sa maklik. It binne net sokke skiters lykas ljippen dy’t by’t it earste oansjoch fan in neisoarger fuortendaliks leech oer de grûn fuort fleane. Neat fan dat alles. Spesjaal foar de leden fan it Git besykje dizze fûgels krekt sa lang mooglik op harren aaien sitten te bliuwen om ta eintsje beslút mei in protte kabaal dochs fan it nêst ôf te kommen. Wat wolst no noch mear? Dus ik soe sizze, set dyn hobby wer op de rit en kom ek by it GIT! 14
15 Online Touch Home