Nijs fan kaartklup “De Fjouwerkaart” Freed 17 april wie de slotjûn fan de kaartklup fan it ôfrûne seizoen. We ha in moai kaartjier hân mei in geweldige opkomst, meastentiids 7 tafels kaarters en as der al ris ien of twa te min wiene, dan bellen we ien op en dan kaam it ek wer goed. Spitichernôch ha we fan twa leden ôfskied nimme moatten, te witten Klaas Faber út Wommels en Ton van den Berg út Rien. Ton die al wat langer net mear mei, mar Klaas yn septimber en oktober noch wol. Fan de 8 kompetysje wedstriden ha we de skoare byhâlden en de bêste 7 dêrfan telle. De complete lijst is in de kaart-app geplaatst. De kompetysje is wûn troch Jan Kamstra út Itens, mei 35.958 punten. 2e Hilbrand Drost út Easterein 35.232 en 3e Antsje Talsma ek út Easterein 35.130. We hoopje alle klaverjasleafhawwers earst wer te treffen op it feestkaarten op snein 12 juli en foar de kompetysje wer op freed 11 septimber 2026. Dan begjinne we wer oan it nije seizoen. Bestjoer Kaartklup “De Fjouwerkaart” Willem Tjerkstra en Jan Leijenaar 18
19 Online Touch Home