41

Wêr’t op Hinnaard de wurklju allinnich op freedtemiddei nei Wommels ta ride foar in broadsje frikandel-mayo binne de mannen yn Tanzania eltse dei útiten! Mar fan frikandellen of oar comfort-food hat de gemiddelde Tanzaniaanske boufakker gjin ferlet. Nee, hy wol graach in miel dêr’t hy de hiele dei mei ta kin. De mama’s meitsje dêrom in gerjocht dat liket op de âlderwetske Fryske potstro. Om it krekt wat tagonkliker en lekkerder te meitsjen ha wy ús hjirre yn Fryslân oanleard om der wat sjerp en bûter oer te dwaan. Mar ek dêr kin de Tanzaniaan nei fluitsje. De mama’s skeppe in flinke skep mei beanen oer syn miel en dêr njonken kriget er noch in soarte fan spinaazje derop ta. De Tanzaniaanske ‘potstro’ hat dan ûngefear de foarm fan in bakstien en dat is ek presys wat it docht. It leit as in bakstien yn de mage fan de boufakker en de man yn kwestje hat de hiele dei beslist gjin honger mear. It miel kostet de arbeider sa’n 1500 shilling. Dat komt del om ûngefear 50 euro sint. Deklareare by de baas sit der foar him net yn. Hy moat himsels mar sjen te rêden lykas elkenien yn Tanzania. Want tink net dat de mama’s de iennigsten binne dy’t ynrjochte binne op de komst fan de bouploech. De mama’s siede op hout, dat troch ‘houtminsken’ nei de gruttere plakken ta brocht wurdt en dêr ferhannele. It iten dat sy siede komt fansels fan ferskate boeren en wurdt troch immen oars nei de merk ta brocht en dêr ferkocht troch in keapman. De mama hat in brommertaksje nedich om mei har stiennen, iten en stuollen op it bouplak te kommen. Der is wer immen oars dy’t wetter nei it ‘restaurant’ ta bringt. Ensafieder, ensafieder. Sjogge jimme it al foar jimme op Hinnaard? It doarp soe wikenlang 5x safolle ynwenners ha as dat hjoeddei it gefal is. Foarútgong is der fansels ek. Al is foarútgong hjir miskien net echt it goede wurd. Eartiids krigen de Tanzaniaanske wurklju nammentlik harren iten servearre yn prachtige hânmakke houten kommen. Mar dy tiid hat west. De mama’s serveare it iten no op in blikken plaat mei dêrop in ferskaat oan fakken. Jo hawwe sokke platen miskien wolris sjoen yn in finzenisfilm. Oan de ûnderkant stiet hiel lyts yn in hoekje ‘made in China’. Kwaheri mzungu! 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication