7

Fan de redaksje Troch Elisabeth Hawwe jimme ek sa’n sin oan it moaie waar? As ik werom tink oan de winter, de snie en de kjeld en de donkere dagen, dan bin ik bliid dat wy dat no wer efter ús litten hawwe. De maitiid is no begûn, de simmertiid is begûn en as ik dit skriuw, dan hawwe wy de Peaske dagen der ek alwer op sitten. Hearlik! Lit de lange dagen mar komme! En mei it moaie waar komme ek de gesellige aktiviteiten yn ús moaie doarpen wer op ‘e aginda. It keatsen is wer begûn, de Swit&sit rin komt der oan yn maaie, en wat te tinken fan it Ielrikkersfeest en it doarpsfeest yn july? Ek dizze moanne is it wer slagge om in Diggeloer fol te krijen mei nijsgjirrige ferhalen, artikels en oare aardige ferhalen. Der is in ferslach oer de besite fan it Fries museum oan Itens, wêr ’t de jûnsmielskaal út 1681 te sjen wie, die earder yn de Martini-tsjerke brûkt waard. En de Kromme Keu hat in nije kampioen! Fierder sjocht de toanielferiening even werom op in tige slagge útfiering yn maart. De feestkommisje hat nijs, de ‘kidsredaksje’fan de Romte hat wer warber west en giet Rien ‘op de rem’…? Wy hoopje dat jimme wer genietsje fan de ferhalen en sjogge út nei de simmer dy’t foar ús leit. PS: Binne der noch doarpsbewenners, dy ’t in kadobon (mei in tegoed foar in klus, rûnlieding o.i.d?) wûn hawwe by de kwisjûn en dêr wat oer diele wolle? Lit it ús witte! Ut namme fan de redaksje winskje ik elkenien in soad lêsnocht ta mei alwer in nije Diggelfjoer. It famke op de foto fan de ferline kear wie Regina Hofstra út Lytsewierrum. Dizze kear wer in moai jonkje. Wa is dizze doarpsbewenner? 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication