9

Nijs van toanielferiening Nim it sa it is Troch Anne Engelsma No goeie allegeare, It is al wer hast in jier lyn dat de earste berjochten binnen kamen oer de plannen foar it nije stik fan 2026. Jannie Fritsma hie in prachtich stik skreaun en Klaas wie al lang dwaande him yn te lêzen. Der stie in grutte ploech klear om de wat moais fan te meitsjen. Jannie, Elbrich, Fred, Anne, Triensje, Harrie, Pieter, Rein, Ronald, Wouter, Jos, Hendrika, Hilda en Annemarie en as ynstekster Wytske. Us regisseur wie Klaas Oldenburger. Klaas en Bart diene it ljocht en lûd. De technyk diene Klaas en Casper, de smink fersoarge Rita en de klean die Marja. Dan kom je op in ploech fan tweintich minsken!! It is altyd wer in hiel o heden om alle klean en attributen bij inoar te sykjen. Je steane dan wer ferstelt fan hoe't elkenien him/har ynset om dat wer foar inoar te krijen. Je begjinne yn septimber in bytsje ûnwennich yn je rol te kommen. Mar yn 'e rin fan 'e winter fynt it allegear syn plak. En as wy as spilers de klean oan lûke en it dekôr syn ynfolling krijt, dan krijt elkenien wille oan it spyljen. Ek hawwe we ek in protte wille hân oan it meitsjen fan de de ôfslutende film. Fansels gie it allegearre net sûnder slach of stoot. Mar mei in bytsje troch setten stie er wer in prachtich stik. Wy wienen mei ús allen ek wer tige grutsk om nei al dat wurk it stik foar it doarp, freonen en famylje út te fieren. Wij hawwe der fan genoaten en hooplik jimme ek! NB: En no geane wy mei toaniel earst wer yn ‘e rêst. Wy sille noch in momint mei spilers en meiwurkers planne om de film en foto’s werom te sjen. En dan meitsje wy as bestjoer wer nije plannen. Wy sille ús wol wer ris melde yn septimber mei nijs. Oprop Mochten der doarpsgenoaten nei it sjen fan ús stik entûsjast wêze om ris in kear mei te spyljen, lit it ús frâl witte. In grutte rol, in lytse rol, as figurant of as meiwurker, wy stean foar fan alles iepen. Mar lit it ús dan wol witte! Dat kin fia nimitsaitis@hotmail.com, of fia ien fan de bestjoersleden: Fred, Triensje of Elisabeth 9

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication