10

fan de fjouwer doarpen moete! Marike laket: “Ik haw der efkes foar stride moatten, mar no is it raak!” Marike en Sven geane graach tegearre in dei op paad. Marike hat it foarearst drok: “Neist op stap mei Sven mei ik ek graach winkelje mei freondinnen, in terraske pakke as op stap yn’t wykein”. Hoe’t de takomst derút sjocht, wit se noch net. Marike: “Ik wol wol graach yn in fergelykber doarp as Itens yn Fryslân bliuwe te wenjen. Mar miskien wol ik ek wol in seizoen nei it bûtenlân om te wurkjen yn de toeristyske sektor. Of reizgje nei Súd-Amearika of it Karibysk gebiet. Dat liket my ek hiel moai.” Se wurket neist har oplieding al mear as fiif jier yn de winkel fan bakkerij Posthuma yn Wommels. Dat der jild fertsjinne wurde moat, is wichtich, want se giet ek geregeld op fakânsje. Yn Lloret del Mar hat se al west en dizze simmer giet se mei freondinnen nei it Grykske eilân Kreta. Dat kostet fansels it nedige. Strân, sinne, see, útgean en terras — mear hat Marike net nedich! 10

11 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication