Bist noch net klear om oer te stappen? Ik snap it, mar miskien helpt it as ik in pear foarbylden opneam. Myn ‘Afrikaanske konneksje’ hat nei in lange dei wurkjen yn de Tanzaniaanske waarmte, op jûntiid wolris sin oan in pear sigaretsjes en in kâld pilske. Hy bellet dan efkes mei syn ‘Border to border’ kontaktpersoan en dan sit hy in kertierke letter hearlik te genietsjen fan syn peukje en in kâld kletske. Mar ek foar minder foar de hân lizzende saken kinsto in berop dwaan op ‘Border to border’. Wat tinksto fan: ûnderdielen foar dyn stikkene auto of masine, in jerrycan mei disel, efkes gau wat útprintsje, pechhulp ûnderweis, de reparaasje fan in gebit of in heale liter bloed type A posityf op it momint datst per ûngelok yn ’t sikehûs bedarrest. It kin allegearre. Hast moarns ûnferwachts gjin tiid om dyn 4 bern nei skoalle te bringen? Ek gjin noed, skilje ‘Border to border’ en hy bringt se der efkes op syn brommer hinne. Sa sjochst mar hoe modern it der yn Afrika oan ta gean kin en dat it ek dêr der net om giet watst kinst, mar om wa datsto kinst! Kwaheri mzungu! * foar alle moderne jongelju ûnder jimme, ‘belje’ is in opsje dy’t ek op dyn snoadfoan sit! Do kinst dêrmei in live, privee audioferbining meitsje mei elkenien dy’t ek in telefoan hat. Hoe tsjil is dat?! Freegje in ‘random boomer’ hoe oft it wurket, asto mear útlis nedich bist. 14
15 Online Touch Home