21

Om in foto te meitsjen sykje wy yn ’e hûs Johannes syn ‘priis’ op foar syn 50ste dielname. Hy hoecht der net om te sykjen, want fan alle prizen dy’t Johannes byinoar fytst hat, hat allinnich dizze noch in plakje yn de wenkeamer. It is in prachtige stien, mei dêr boppe-op allegearre symboalen dy’t sa typysk binne foar de Fytsalvestêdetocht. As wy de foto’s makke hawwe en werom komme by de tafel binne soan Willem en in pear pake- en beppesizzers yntusken ek oanskowd Sy hawwe it der skynber al efkes oer hân want yn ‘no-time’ krij ik wer alderhanne frijwilligerswurk oanbean. Ik kin lâns de hiele rûte en yn eltse funksje wol oan it wurk. “Samar klear hear”, seit Willem. Heechtiid om my út de fuotten te meitsjen, want hjir húsmannet neffens my in gefaarlik fytsfirus! 21

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication