23

Nijs fan K.f. Itens e.o It keatsseizoen foar de jeugd is ûnderwilens alwer in moai skoft ûnderweis. Op 8 april binne de bern wer begûn mei de training op woansdeitejûns. Dit jier hawwe wy een prachtich oantal fan 30 keatsers dy ‘t meidogge. Op 19 maaie binne we starte mei it kompetysje-keatsen. As fêste help fan Jentsje is Pietie der elke wike by. Tegearre mei in hulp-âlder wurdt der elke tiisdeitejûn fanatyk om de punten keatst. Gemiddeld binne der sa'n 14 bern oanwêzich. Ek wurdt der elk wykein troch in oantal jeugdleden meidien oan federaasje en KNKB wedstriden. Itens hat sels al oan in oantal ôfdielingswedstriden meidien. Jort en Thys by de pupillen-jongens en Esmeé en Linde bij de welpen-famkes. Der wurde op de oare ilden ek regelmatig pryskes wûn. Op 7 juny stie it teatsen op it programma. Mei in list fan 11 “teatsers” waard der yn trije listen striden om de prizen. De 1e priis by de famkes wie foar Linde, de 2e priis wie foar Rixt. Bij de jonges gie de 1e priis nei Thys, de 2e wie foar Melle en Hette waard 3e . Groetnis jeugdbestjoer, Jentsje en Jan Gerben 23

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication