4

Nije boarterstún feestlik iepene op Keningsdei Troch Pietie de Vries Under grutte belangstelling is op Keningsdei de nije boarterstún fan De Fjouwer Doarpen offisjeel iepene. Ut namme fan doarpsbelang sprutsen Pietie en Elbrich de oanwêzigen ta en stienen sy stil by de ta stân komming fan it nije boartersplak. De âlde boarterstún wie neffens doarpsbelang dúdlik oan ferfanging ta. By de plannen foar de fernijing wie it wichtich om de besteande opbou fan it terrein te behâlden. De ferskillende tastellen, ferspraat oer it ôfsletten terrein, hawwe har yn de ôfrûne jierren nammentlik goed bewiisd. Yn oerlis mei de gemeente waard wurke oan in plan foar in nije ynrjochting. Dêrby spilen ûnder oaren Berber DB, Jelle en Anneke gemeente ek in wichtige rol. Hoewol’t Berber by de iepening net oanwêzich wie fanwege fakânsje, waard sy wol spesjaal betanke foar har ynset. Doarpsbelang liet witte dat de útkomst fan de petearen mei de gemeente alle ferwachtings oertroffen hat. De gemeente Súdwest -Fryslân stelde genôch middels beskikber om in folslein nije en moderne boarterstún te realisearjen. Ek de frijwilligers krigen wurden fan wurdearring. Benammen Rienk Rispens waard neamd foar syn bydrage oan de ôfwurking fan it terrein. Hoewol’t it gers noch wat tiid nedich hat om folslein oan te groeien, leit der no al in moai en feilich boartersplak. Neffens doarpsbelang hat de boarterstún in wichtige funksje foar de Fjouwer doarpen. It terrein tsjinnet net allinne as moetingsplak foar bern en âlden, mar biedt ek fertier by aktiviteiten op it neistlizzende keatsild. Dêrneist kinne foarbykommende fytsers hjir efkes rêste wylst de bern har fermeitsje. Foar de iepening waard oan de learlingen fan basisskoalle De Romte in kleurwedstriid keppele. Wij wienen ûnder de yndruk fan it tal moaie ynstjoerings. Dêrom krigen alle dielnimmers in priiske. De kleurplaten wienen te besjen yn it doarpshûs. It offisjele momint fan de iepening waard fersoarge troch de âldste en jongste learling fan de Romte, Ids Bronwasser en Melle Houtsma. Nei’t sy mei it publyk ôftelle hiene fan tsien nei nul, knipten sy it lint troch en wie de nije boarterstún offisjeel iepene. Mei de nije foarsjenning hawwe De Fjouwer Doarpen der in moai moetings- en boartersplak by krigen, dêr’t jong en âld noch jierrenlang nocht fan hawwe kinne. 4

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication