45

Blommen in Rien Troch Harmke van der Werff Moarns op in dei troch de wike, wurdt de kaai fan Rien lichtjes opskodde. In grutte swarte bestelbus komt oanriden om in oer as acht. De efter-duorren gean iepen en der komme in pear swarte pûden tefoarskyn. Wat soe der no barre? Der komt Frans Visser al poalshichte nimmen. In kroade? Alde wasktobben? Ferhip. Der binne ek blommen! Ane Wiersma fan de Gaardenier stapt tefoarskyn. Foardat syn frou en hy mei pensjoen sille, sil hy noch ien kear de kaai opfleure. En dit jier net allinne yn de blombakken, mar ek yn in spesjaal oantinken. Foarich jier krige Jan Boonstra it blomke fan it jier om´t der 39 jier lang de blommen oan de kaai fersoarge hat. No´t Boonstra yn Wommels wennet, hat Frans Visser syn taak oernaam. Der is in nije wetterspuit kaam en sa sjogge de blommen der wer prachtich út. Boonstra hie ek âlde wasktobben by harren hûs wêr't hieltyd nije blommen kamen. Op ferskillende plakken lâns de kaai, sette Frans en Ane de spesjale blombakken del. Wat in bysûnder oantinken oan ús bysûndere âld-ynwenners ha wy der yn Rien by! Tige tank Frans, famylje Boonstra en famylje Wiersma! 45

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication