19

Nimitsaitis 110 jier! Neist it stik fan dit jier, is it bestjoer ek al drok oan it prakkesearjen oer it jier dêr op. Jimme soenen it mei alle passy en enerzjy fan de toanielklup hast net foarstelle kinne, mar ús klup is al in âlde dame fan al 108 jier! Yn 2028 bestiet Nimitsaitis dan al 110 jier! Dit ‘heuchlike’ feit wolle wy net samar oan ús foarby gean litte en dêrom wurde der plannen makke foar dit jubileum-stik. Foar dit stik ha wy help fan jimme nedich: Wa wit mear te fertellen en/of hat ferhalen of foto’s oer de eardere hurddraverijen yn Rien? Wy komme graach yn kontakt mei minsken, dy ‘t ús hjir mear oer fertelle kinne. Wa wit kinne wy it brûke . Dit kin fia ien fan ús bestjoersleden of fia nimitsaitis@hotmail.com. Elisabeth, Fred, Harmke, Trientsje, Rein en Wytske

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication