Marianne: “Hiske wilde absoluut niet dat we met gif het onkruid te lijf gingen, dus wij schoffelen al sinds jaar en dag het groen gewoon tussen het grind vandaan. En dat gaat prima”. f.l.n.r. Wietske, Tina, Rigt, Marianne dy't de boel beprate it paad om it tsjerkhôf wer skjin fan ûnkrûd Fansels hat it skoffeljen en it meanen ek in sosjaal doel. Sa faak treffe wy elkoar net op ‘e dyk. De leste nijtsjes wurde útwiksele. Fansels it waar. Leaf en leed wurdt dield. Meastal is d'r wat tee mei koeke en de leste kear kaam it oerskot oan koerzjettes fan Wietske har tún op tafel. Yngewikkelder hoecht it net. Let op! Wy sykje fersterking! No’t Hans oanjûn hat dat hy wol stopje wol mei it redaksje’wurk’foar de Diggelfjoer, binne wy op syk nei ny/oar talint! Soesto wolris wat skriuwe wolle foar de doarpskrante, liket it dy aardich om de finansjes en advertearders by te hâlden of bisto handich mei ‘opmaak-programma’s’ as Canva o.i.d.? Lit it úd frâl witte. Wy gean graach mei dy yn petear. Watse, Esther en Elisabeth 22
23 Online Touch Home