Nijs fan de kaartclub Op freed 11 septimber 2026 gean we wer los mei it nije kaart seizoen. Ek dit kear begjinne we mei priiskaarten. Elkenien is tige wolkom en kin ek lid wurde fan de kaartklup. De kontribúsje foar it seizoen 2026-2027 is € 20,00. Der binne 7 priiskaartjûnen, wêrop elkenien wolkom is, dus ek net leden. De ynlis foar de priiskaartjûnen is € 5,00. Op 25 septimber begjint de kompetysje, we begjinne dan om 20.00 oere mei in koarte ledefergadering en rûn 20.30 oere gean we los mei it kaarten. Aginda ledefergadering 25 septimber 2026: 1. Iepening 2. Jierferslach 3. Finansjeel ferslach 4. Meidielings 5. Rûnfraach 6. Slot en los mei it kaarten Data kaartjûnen seizoen 2026/2027 Oanfang: : 20:00 uur en Plak : kafee “De Lytse Fjouwere” te Itens 11 septimber 2026 : Priiskaarten foar elkenien 25 septimber : Kompetysjekaarten / Ledefergadering 9 oktober : Kompetysjekaarten 23 oktober : Priiskaarten foar elkenien 6 novimber : Maatklaverjassen foar elkenien 20 novimber : Kompetysjekaarten 4 desimber : Sinteklazepriiskaarten foar elkenien 18 desimber : Kompetysjekaarten 8 jannewaris 2027 : Priiskaarten foar elkenien 22 jannewaris : Kompetysjekaarten 5 febrewaris : Kompetysjekaarten 19 febrewaris : De Lies partij 5 maart : Kompetysjekaarten 12 maart : Maatklaverjassen foar elkenien 2 april : Ynheljûn 16 april : Priiskaarten foar elkenien / Slotjûn 27 april : Keningskaarten (middei’s) We hoopje wer op in gesellich en spannend seizoen!!! It bestjoer: Willem Tjerkstra, Jan Leijenaar, Immie Kamstra 33
34 Online Touch Home