48

Bist troch sykte of wat oars efkes net by machte om te wurkjen? Dan kinst in berop dwaan op dyn extended family foar iten en as it moat in plak om te sliepen. Betingsten binne der wol. Wat’st wol dwaan kinst, wurdt ek fan dy ferwachte! Dan moast bygelyks op de bisten of de lytse bern passe. Of do wurdst oan it wurk setten as sigaretteferkeaper. Net per pakje of slof, mar per sigaret! Om fergelykbere redenen is it yn Afrika de normaalste saak fan de wrâld dat de âlderein, nei harren wurksume libben, ynwenje by harren bern. Sy passe dan bygelyks op de bernsbern en siede it iten. Fersoargingstehûzen of oanleunwenten binne foarsjennings dêr’t de gemiddelde Afrikaan noch nea fan heard hat. It ûntbrekken fan ‘oerheids-fangnetten’ hat benammen in soad gefolgen foar de jonge (fitte) minsken yn Afrika. De konkurrinsjestriid tusken harren is enoarm en foar ús westerlingen net te befetsjen. Troch harren situaasje binne sy hast sûnder útsûndering tige kreatyf wurden yn it betinken fan oplossingen en sitte sy (hast), nea by de pakken del as it efkes tsjinsit. Mar boppe alles binne sy ree om te fjochtsjen foar de kâns om in oplieding te folgjen, want dat jout de kâns op wiere ferbettering en ûnôfhinklikheid. Dus jonges en famkes, ek al is skoalle noch sa stom of skear, jimme hawwe net heal yn ’e gaten hoe lokkich jimme eins binne. Kwaheri mzungu!

49 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication