5

Fan de redaksje Septimber 2026 It Diggelfjoer fan septimber is foar ús tradisjoneel it meast lestige boekje om te skriuwen. It is in bytsje ús komkommertiid. De skoalle is ticht, minsken binne op fakânsje en dertroch net beskikber foar in fraachpetear. De redaksjeleden moatte fansels ek efkes yn’t waar sjen, dus ús tiid is ek beheind en winterske aktiviteiten lykas it kaarten en biljerten lizze allegearre noch op harren gat. Hoewol, wy ha wol nijs fan de kaartferiening! Grut nijs kinne wy sels wol sizze. Sy hawwe nammentlik wat te fieren! Wy sjogge fansels ek efkes werom op it Rikkersfeest en it doarpsfeest. Dêroer kin ik (mei goedkarring fan Rick) gelokkich skriuwe dat it in goed slagge doarpsfeest wie. Hoewol’t de ein fansels hiel oars bedoeld wie. Rick hat my witte litten dat it goed mei him giet. Hy en Sanne wolle fierder graach elkenien tanksizze dy’t nei ôfrûn fan de feesten oan harren tocht hat en in berjocht, kaartsje of blommen stjoerd hat. De feestkommisje sjocht yn dizze Diggelfjoer sels ek efkes werom op it doarpsfeest en lit dan ek witte hokker doarp of buert ‘de stien’ wûn hat… Fierder gean wy yn dizze Diggelfjoer op besite by nije ynwenners fan Itens en litte wy ek in pear âld ynwenners fan dat doarp oan it wurd om te hearen hoe ‘t it no mei harren giet. Wy bringe fansels ek nijs fan de keatsferiening, wy kinne wer in nije advertearder wolkom hjitte en Esther hat in moai petear hân mei Esmee Metz. Sy is opgroeid yn de fjouwer doarpen en timmeret no hurd oan har karriêre yn de muzyk en teäterwrâld. Foar ús as redaksje betsjut septimber ek noch wat oars, nammentlik de start fan in nije jiergong fan’t Diggelfjoer. It is alwer de 45ste! Mei syn fjouweren ha wy 8 jiergongen makke en as ik goed teld ha dan is dit it 50ste boekje wat wy makke ha. Ik skriuw, dy’t ‘wy makke’ ha, mar feitlik moat ik miskien wol sizze dat Hans al dy boekjes makke hat. Hy wie nammentlik de man dy’t fan al dy losse stikken altyd wer in moai gehiel wist te meitsjen. Ut namme fan Elisabeth, Esther en mysels, tige tank Hans, foar al dyn ynbring, dyn kalmte en geselligens. It wie in hiele fijne tiid! Allegearre in protte lêsnocht tawinske! PS; Liket it dy miskien wat ta om diel út te meitsjen fan de redaksje? Of tinkst ús helpe te kinnen mei it opmeitsjen fan it Diggelfjoer? Slút dan gerêst ris oan by ús redaksjegearkomste! Watse 5

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication