Grut nijs fan de kaartferiening! troch Watse Ik ha it al efkes neamd yn it foarwurd. Kaartferiening De Fjouwer Kaart bringt dizze kear bysûnder nijs. De feriening is nammentlik oprjochte yn oktober 1976 en dat betsjut dat sy dit jier 50 jier âld wurdt! Dat is fansels reden genôch foar in lyts feestje. Op sneon 31 oktober oansteande organisearret sy dêrom in jubileumkaartpartij foar alle (âld)leden en ynwenners fan de Fjouwer Doarpen. Der binne ferskate âldleden en seniorleden befrege oer de oprjochting fan de feriening. Hoe gie dat doe? Wa hawwe de namme betocht? Wat wie de oanlieding om in kaartferiening op te rjochtsjen? Allegearre fragen dy’t hja foar de kiezzen krigen ha, mar it bleau earlik sein behoarlik stil… Nimmen dy’t krekt noch wist te fertellen hoe’t it ek alwer siet. Gelokkich binne de earste notulen fan de feriening better bewarre bleaun. Yn dat âlde skrift stean in oantal nijsgjirrige saken, dy’t ek no noch hiel aardich binne om werom te lêzen. De oprjochtingsgearkomste wie op 27 oktober 1976. Mar de opkomst, foel mei 6 persoanen beslist net ta. De notulist fan tsjinst skriuwt dat dêrom mar besluten wurdt om op 19 novimber 1976 nochris byinoar te kommen. Gelokkich is de opkomst mei 15 persoanen dan in stik better. Der wurdt in bestjoer keazen en de kontribúsje wurdt fêststeld op fl.7,50. De earste foarsitter is Piet Tiemersma en hy wurdt bystien troch skriuwer Jan Jellema (broer fan Kees) en Trynsje Rispens, dy’t neffens it boekje de funksje fan 'penningmeesteres' hat! Piet buorket dan op Hinnaard, op it plak dêr’t no famylje de Groot wennet. Ek de alderearste priiswinners wurde yn itselde stikje neamd en dan komme wy opnij in pear bekende nammen tsjin. De earste kear priiskaarten wurdt bygelyks wûn troch Jan Bootsma (heit fan Egbert) en ek in eardere behearder fan it doarpshûs, 2e wurdt Rein v.d. Berg en op it tredde plakje einiget ek in bekende Itenser fan eartiids: Jelle de Groot. Wat my foaral opfalt oan de útslach is it oantal punten fan de priiswinners. Jan wint de wedstriid oer 3 bomen nammentlik mei 3901 punten. Dat is, by myn witten, in puntenoantal dêr’t jo tsjintwurdich beslist gjin wedstriid mei winne sille. Soe it nivo fan de kaartsport yn Itens yn 50 jier tiid soms ek bot omheech gien wêze? De earste klupkampioen wurdt ta beslút ek noch efkes neamd. It is nimmen minder dan Otte van der Weide! Hy sil doe fêst ien fan de juniorleden west ha, tink ik. Syn beleanning is yn elts gefal in wiere wikselbeker. Dus net fersake soe ik sizze en 31 oktober allegearre efkes frijhâlde om te kaarten! 50
51 Online Touch Home