Ik Martha ha sûnt 2010 in webwinkel : www.gewoontegek. com, en op 8 maaie 2020 is der in stienen winkel bijkaam. Die winkel sit yn de Dykstrjitte te Frentsjer. It ûntwerpen en betinken fan (Fryske) kaarten en oare papierwaren is hielendal myn ding. Items betinke/meitsje en dan ek noch oare minsken bliid mei meitsje is myn passie. En de ‘kers op de taart’ is toch wol dat alles wat ik sels meitsje en betink ek noch yn myn eigen winkel leit. Neist Gewoon te gek ha ik noch in website, dy hijt ‘Gewoon een feestje’. Op dy webside ferkeapje ik traktaasjes foar bêrn.Ik mei graach hurddrave, rinne en bin graach kreatief dwaande. Brend sit yn de twadde klasse fan de AMS te Frjentsjer, en hat it nei syn sin. Hij foutballet graach en sit no in lyts skofke op fitness. En ek spultsjes spylje op syn Playstation docht der graach. Frouk sit yn groep 8 fan de Staetlânsskoalle te Tsjom en nei de simmerfakânsje sil sy ek nei de AMS yn Frjentsjer. Frouk is hielendal gek fan hynders, se rijd op de manage yn Dronryp en helpt ek graach op de buorkerij fan har omke en tante dy’t ek hynders hawwe. Neist it hynderriiden sit se ek yn Tsjom op foutbal bij Jo10. En se draaft ek wol gau es even in blok om. En Frouk is graach kreatief dwaande. Se makket sels sieraden, en ferkeapet dy ek wol, dan gjit se mei har mem mei nei de merken. Rixt sit yn groep 5 fan de Staetlansskoalle, sy sil yn Tsjom op skoalle blieuwe. Ek Rixt is hielendal gek fan hynders, rijd ek yn Dronryp en is ek wol gau es bij har omke en tante te finen. En ek Rixt fuotballet graag, se spelt bij de Jo8. Rixt is ek graach kreatief dwaande. Tekenje, kleurje, en dingen meitsje en betinke. Wy hoopje hjir mei in protte plezier te wenjen yn Winsum, en soenen it leuk fyne om oare doarpsbewenners kinnen te leren. Oan’t sjen! Groetnis, Martha, Brend, Frouk & Rixt Bedankjes Op dizze wize wolle wy eltsenien, út namme fan de famylje, ús tank betsjûgje foar alle bliken fan meilibben, yn hokker foarm dan ek, yn ‘e tiid fan it siikwêzen en nei it ferstjerren fan myn frou, ús mem, beppe en oerbeppe Berber Koning – van der Let It hat ús tige goed dien te ûnderfinen wat sy foar safolle minsken betsjutten hat. Winsum, fam. H.W. Koning 11 Wij danken iedereen voor de warmte, steun en het medeleven na het overlijden van: Jippe Tinga Het heeft ons erg goed gedaan. Douwine, Durk, Ruurd en Wiebe. Wy tankje elkenien foar de oerweldigjende belangstelling, moaie wurden, prachtige blommen en ûntelber soad kaarten dy wy ûntfange mochten nei it ferstjerren en by de útfeart fan Jeltsje van der Hem – Santema Safolle belutsenens fersêftet it fertriet en fergruttet de moed om fierder te gean. Tseard van der Hem, bern en beppesizzers Utbuorren 14 Winsum Wy wolle eltsenien hertlik tank sizze foar de prachtige kaarten, bosken blommen en túnplanten die wy krigen ha op 21 Maaie foar ús 60-jierrige houliksdei. We ha in moaie dei hân. Groetnis fan Bauke en Fokje Schoustra (Omrin 42)
12 Online Touch Home