NIJS fan de fierljepferieniging Winsum e.o. Lykas by hast alle ferienings draaie wy folslein op frijwilligers. Hoe wichtich dat is, wurdt eltse training, wedstryd en oar evenemint dúdlik. Sûnder frijwilligers binne wy neat. Mar ek sûnder sponsoaren kinne wy net. Sûnder sponsoaren is ynfestearje yn groei en materialen net mooglik. As fierljepferiening wolle wy minsken aktyf mei inoar en mei de klub ferbine, wêrtroch sy belutsen binne en bliuwe mei ús feriening. Wy wolle in stabile feriening wêze wêrby’t wy minsken yn beweging bringe en ek bydrage oan in sûne ha steeds moai waar en dat is fansels wat je graach wolle, séker mei it fierljeppen. Der is aardich wat jeugd oan it ljeppen. Ut de wide omjouwing komme se nei Winsum, mar ek út it doarp sels sjogge we nije leden kommen en dêr binne we bliid mei! De jeugd traint op tongersdei yn 3 nivogroepen en dêrneist traint de wedstriidjeugd noch in kear extra. De âldere ljeppers traine op moandei- en freedtejûn. Se helpe inoar by de trainingen en motivearje elkoar om steeds fierder te springen. Dat resultearret fansels ek gauris yn in wiet pak, mar dat is net slim, dat heart by it opsykjen fan de grinzen. Gau omklaaie en noch in kear! Hiene we in oantal jierren lyn noch mar in handsjefol leden, no binne we de grins fan 50 leden foarby. En dêr binne wy bliid mei. Wy as leden, trainers en bestjoer binne der grutsk op dat we sa’n moai terrein ha wêr’t we ús wedstriden hâlde kinne, clinics organisearje en wêr’t we sa’n 4 kear yn’e wike trainingen hawwe foar jong en âld. Wy hoopje dat jim as Winsumers ek grutsk binne op dizze moaie sport yn jim doarp. Mochten jimme der noch net safolle fan witte, wy noegje jim fan herte út in kear lâns te kommen op ien fan de wedstriden of op in trainingsjûn. Gewoan om de sfear te priuwen fan dizze echte Fryske sport of, wa wit, om ris mei te dwaan. En set alfêst yn de aginda: op 19 augustus FK Fierljeppen yn Winsum! Sjoch op ús webside foar mear ynformaasje of folgje ús op Facebook. maatskippij. Us sponsoaren leverje in essinsjele bydrage oan dizze fyzje. Sy soarchje foar in stabyl finansjeel fundamint fan ús feriening. Wy binne grutsk op de bedriuwen en partikulieren dy’t Fierljep Feriening Winsum sponsorje. Om de belutsenheid en gearwurking te realisearjen ha wy dit jier, op 5 maaie 2023, ús earste sponsorjûn organisearre. Alle sponsoaren wiene útnoege by sponsor Greidanus yn Winsum. Nei it útsprekken fan ús dank oan de sponsoaren wie der in presentaasje oer it 40-jierrich jubileum fan Greidanus, dé “tuin & park en hydrauliek specialist”. Dêrnei wie it wurd oan Siep Hoekstra. Dizze âld marinier set syn kennis fan en erfaring yn as coach fan Team FrySk, de ploech talinten dy’t yn Ljouwert op de iisbaan traint. Hy hat spesjale oandacht foar talintûntwikkeling, “It is wichtich om mei in protte jeugd te starten mei de ûntwikkeling en se net te snel trochstrome te litten.” Syn filosofy is: “wat moatst kinne om de folgjende stap te meitsjen? Moatst der net allinnich fisyk, mar ek mentaal en emosjoneel klear foar wêze. Mar it begjint by hurd wurkjen, earlik en konsekwint wêze en kommitmint hawwe.” Dit lêste is fansels ek yn it bedriuwslibben ien fan de wichtichste útgongspunten. It wie in slagge jûn. Ek binne wy wiis mei al ús trouwe donateurs! Sy stypje ús feriening jierliks. As tank hawwe sy fergees entree by de reguliere 1e klasse wedstriden. Fiele jo der wat foar om ek sponsor of donateur te wurden, lit it witte fia fierljeppenwinsumeo@gmail.com. Undertusken wurdt der alwer omraak ljept. Op it terrein yn Winsum mar ek op de wedstriden rûnom yn Fryslân. En ús leden dogge lekker mei. De sfear is gesellich en sportyf. We 16 Ekskurzje fûgelwacht Snein 8 maaie binne 14 fûgelwachters fan fûgelwacht WBO nei Skylge west. Nettsjinsteande de mindere waarfoarsizzing wie it dochs hearlik waar. Moarns betiid op de snelle boat fan Harns nei West Skylge. En ja, in elektryske fytsen hiere by Tijs Knop, sa giet dat tsjintwurdich. By de waadkant lâns fytse. Der is in protte te belibjen yn ‘e polder. Hjir en dêr it fjild oer skôgje mei tekst en útlis troch de foarsitter fan de fûgelwacht Arie Doeksen en neisoarchkoördinator Steven Klijn. Talrike rosse grutto’s Goed tsien oere is it tiid foar in kop kofje by boerinne Neeke van Zwol. Neeke buorket biologysk en fertelt oer har boe
17 Online Touch Home