3 In jubileumjier foar de Spulwike Surhuzum! 18 augustus o/m 24 augustus 2025 It is safier: de Spulwike Surhuzum fiert har 50-jierrich jubileum! Al jierrenlang s�et dizze feestwike symboal foar spultsjes, mienskip en doarpswille. Yn 2025 se�e wy dat ekstra yn it sintsje mei in edysje dy’t noch feestliker wurdt as oars. Wy sjogge werom op in tradysje fol moaie oan�nkens, en sjogge út nei in brûzjende wike fol ak�viteiten foar jong en âld. Mei-inoar meitsje wy fan dit jubileum in feest dat ús doarp noch lang ûnthâlde sil! Hoewol wy it grutste part fan it programma noch e�es geheim hâlde, wolle wy no al graach jim om�nken freegje foar in pear spesjale ak�viteiten. Wy begjinne mei de iennichste echte fersierde buert-tsjin-buert wedstriid! Wat is de bedoeling? Kom mei dyn buert(feriening) byinoar en be�nk in tema. Tink oan in sprookjeswrâld, it wylde westen of in fes�val! Alles mei en kin, dus lit dyn krea�viteit de frije rin! De moaiste buert wurdt beleanne mei in fantastyske priis - en fansels ivige rom! Opjaan kin fia de mail nei spulwike-surhuzum@outlook.com ûnder fermelding fan jim buertnamme en it tema. Dan geane wy fierder mei de tongersdeitejûn: de playbackshow! Dizze kin fansels net ûntbrekke yn it jubileumjier en s�et dêrom wer op it programma. Wy sjogge graach in jûnfol programma mei in soad leuke acts. Bisto entûsjast en kinst net wachtsje? Opjaan kin no al fia spulwike-surhuzum@outlook.com. Ek foar de playbackshow jildt: dit jier binne der prach�ge priizen te winnen! Tot slot wolle wy jim oandacht freegje foar it saterdeimiddei programma. Der s�et in old�mermiddei op ’e planning! Hast in moaie old�mer - auto, motor, brommer of trekker en wolst dy graach sjen li�e oan it publyk? Meld dy dan oan fia de mail spulwikesurhuzum@outlook.com. Graach by de oanmelding fermelde hokker old�mer ast mei bringst. Dit wie it earst foar no! Wy sjogge mei in soad wille út nei jim oanmeldings! Organisaasje Spulwike Surhuzum
4 Online Touch Home