3

3 Van de redacitie In deze editie wilden wij extra aandacht schenken aan de activiteiten die in het dorp plaatsvinden. Het gaat om allerlei activiteiten van sport tot plezier. Wij hebben er een mooi schema van gemaakt en hopen dat wij deze jaarlijks kunnen vernieuwen zodat hij up to date blijft. Ook hebben wij de diverse inzamelingsacties in het dorp erbij gezet. Nijs fan Pleatslik Belang Bêste minsken, it is alwer in skoftke lyn dat jim fan ús hearden. De winter is hast foarby en de dagen wurde wer langer. Wy sjogge út nei in moaie tiid mei leuke eveneminten. Geane jo as feriening in evenemint organisearje wêrby 't it hiele doarp wolkom is? Nim in kear kontakt mei ús op en miskien kinne wy wat foar elkoar betsjutte. Ledegearkomste 8 april 2024 Dizze kear wolle wy as earste graach stilstean by de jierlikse ledegearkomste dêr't wy alle leden fan Pleastlik Belang graach fan herte útnûgje. De folgjende ledegearkomste sil wêze op moandei 8 april 2024 om 20.00 oere yn pankoekehûs Landzicht. De ledegearkomste is in moai momint om mei doarpsgenoaten te dielen dêr't wy mei dwaande binne en fragen dêroer te beäntwurdzjen. Ek is dit in moai momint foar doarpsbewenners om mei ideeën te kommen. Wês dus fan herte wolkom. Doarpsjûn Op 11 febrewaris wie it wer tiid foar in doarpsjûn mei toaniel. Toanielgroep Nij Begjin út Koatstertille kaam del mei harren foarstelling: “Help! Skoanmem komt útfanhûs!” Wy sjogge werom op in hiele slagge jûn mei in hiele grutte opkomst. Dizze kear hienen wy foar it earst net allinne in útnûging yn de Grutte Gelf set, mar is der hûs oan hûs in útnûging by elkenien yn it doarp telâne kaam. Doarpshûs de Delfeart barste hast útinoar fan de minsken wêrtroch 't guon minsken sels op de bar sitte moasten. Tige tank oan elkenien foar it kommen. It wie in grut súkses!

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication