15 Surhúster om utens FRAGEN OAN IN ÂLD SURHÚSTER Namme: Wytse de Haan Bern fan: Njoggende bern en jongste soan fan Aan de Haan en Saakje Veenstra Dêr ha ik wenne: Oan’t myn 18e op de buorkerij oan It Noard 29, dêrnei e�es oan de H.J. v.d. Veenstrji�e en oan’t myn 27e op de Doarpsstrji�e 46 (’t hûs fan Tseard-Saapke) tsjinoer de winkel fan Jap en Tine Brouwer. Hoe âld biste: Krekt 60 wurden. Bist fereale as troud? Al jierren frijgesel, troud west mei Foekje Pool, ek út Surhúzum Wêr wennest no: Al 33 jier yn Nij Beets. Wat hat dy dêr brocht? Ik koe wurk krije by de Rabobank yn Nij Beets en d’r s�e een tsjinstwenning fan de bank by ’t kantoor. Ik wenne doe noch by myn mem Saakje en sa krige ik dus een hûs en in baan yn Nij Beets. Wat dochst no? Ik wurkje as agrarisch adviseur by de Rabobank mei meast melkfeehâlders as klant. Dat betsjut lieningen útjaan as klanten lân keapje wolle, stal bouwe en sa. Wat meist graach dwaan (hobby)? Njonken wat bestjoersfunksjes mei ik graag toniel spylje by de pleatselike tonielferiening, in slach om op ‘e racefiets, kuiertochten rinne, houthakke en gean sa mar troch. Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? Thús op de buorkerij mei de kij en de geiten, op it hea boartsje, de lannen yn te wâltsjebrânen en sleatsjespringe. Blikspuit en dat soart spultsjes op ‘e buurt. Le�er de Spulwike.
16 Online Touch Home