13

13 Surhúster om utens Namme: Jitse Boekema Bern fan: Jan Boekema en Boukje Jansma Wenne op: It Mienskar 18 en letter op It Noard 3 Hoe âld bisto: 33 jier. Fereale, ferlove as troud: Net ferlove as sa mar ik ha in partner en wy hawwe krekt in jonkje krigen. Wêr wennest no? Yn Te Pahu flakby Hamilton yn Nij-Seelân Wat hat dy dêr brocht: André de Haan. Hy hat my doe ris freege, yn 2008, as ik der ek nocht oan hie om mei him by syn maat oan it wurk te gean. Wist net ienris wer Nij-Seelân lei yn dy tiid. Doe ha ik mei skoalle regele dat ik in heal jier stage rinne koe. Wist ek net wat ik ferwachtsje moest. Mar dat befoel sa goed en ik woe doe eins al net nei hûs. En doe’t ik werom wie hie ik sa ûnwennich fan Nij Seelân. Ik koe it yn Fryslân, Surhuzum net meer fine. Yn de tuskentiid ha ik ek noch nei Canada west te stage rinnen, wat ek machtig moai wie, mar it hart wy al ferkocht oan Nij Seelân! Ik tocht altiten dat ik boere hulp as soks sa wat soe wurde oant ik yn Nij Seelân kaam, de kâns seach en it libben dêr, en ik tocht dat moat wêze, werom kinne je altiten. Ik ha myn skoalle doe ôf makke en ik bin yn 2012 wer nei Nij-Seelân gongen, ha noch nea ûnwennich west nei Fryslân gelokkich. Ik bin bliid dat ik opgroeit bin yn Surhuzum mar ek bliid dat ik hjir no wenje.

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication