17 De spulwike wie ek altyd in hichtepunt. Yn 1977 ha ik in 1e priis wûn troch it opsizzen fan it ferske: ”D’r wie ris in âld wyfke”, ferklaaid as cowboy! De puber jierren (’84 oan’t no) wiene ek fijn. Ik tink dan bygelyks wér oan de spulwike. Op sneontejûn as Willem Piersma stoppe mei syn handel en wy de ferkeap trochsetten! Wat hawwe we wat kratten by Hielke en Nienke wei helle! It waard troch it bestjoer troch de fingers sjoen. As we mar álle bierfleskes + dopkes opsochten en álle stuoltsjes klear setten foar de tinte-tsjinst op de snein. Ek ha’k altyd mei plesier kuorballe by DTS. Herinnerje my de spesjale ynstudeare trúk baltsjes fan Sietse Nauta. In echt favoryt plakje ha ik net: fûn it wol machtich dat je de toer beklimme koene doe’t dy yn e steigers stie rûn 1984. (Wit net at Feike dit ek sa leuk fûn) Ik kom noch wol ris by omke Klaas om in bakje kofje. Ryd ek sa noch wol ris troch it doarp as ik nei ien fan myn broers ta gean. Al mei al ha ik goeie oantinkens oan Surhuzum. Sjoch noch wol gauris nei: Surhuzum.nl, Fotohoek Surhuizum en fansels de digitale Grutte Gelf. Hertlike groetnis, Eric Hofman Denkt u na het lezen van deze bijdrage: ‘Och, je zou die en die eens moeten vragen’, of iemand uit uw familiekring die ergens anders woont? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl! Dan kunnen wij vragen of diegene mee wil werken aan onze rubriek.
18 Online Touch Home