4 de oerdracht. Wy binnen no fansels drok op syk nei in nije oplossing foar it behear fan ús webside. Mochten jo hjir ideeën oer ha, diel se dan mei ús. Op de foto: Kornelis van Dekken wurdt bedankt troch Klaas Pool. Treja Boersma ôftredend bestjoerslid Sa 't in soad fan jim fêst witte sille Han en Treja van It Noard ynkoarten ferhúzje nei Stynsgea, dêr 't se in moaie wenning fûn hawwe. Dit ta ús spyt, want Treja hat de ôfrûne trije jier in wurdearre bestjoerslid west. Wy wolle Treja betankje foar har ynset de ôfrûne trije jier en wy winskje har en har gesin in hiel soad wenwille ta yn it moaie Stynsgea. Op de foto wurdt Treja bedankt foar har ynset troch Klaas Pool.
5 Online Touch Home